- Elke ploech bestiet út sa’n 8 spilers. It krekte oantal hinget ôf fan it tal dielnimmers; de wedstriidlieding beslút hjir oer.
- By elke ploech is tafersjoch fan op syn minst twa kommisjeleden ferplichte.
- Dielnimmers wurde ynskreaun op folchoarder fan oanmelding, en elk krijt in nûmer. Op basis dêrfan wurde de groepen fêststeld. Der wurdt net wiksele fan groep.
- Foar it earste spul wurdt de folchoarder fan goaien bepaald troch lotsjen. Foar de folgjende spullen jilde de reguliere regels.
- Nei in tal spullen, bepaald troch de wedstriidkommisje, telle de kommisjeleden it tal sinten dat elke spiler wûn hat. De spilers mei de measte sinten fan har ploech geane troch nei de finale. It tal dielnimmers bepaalt hoefolle spilers trochgeane út elke ploech; de wedstriidlieding makket dit foardat de wedstriid begjint bekend. Bygelyks, as in groep út acht of mear spilers bestiet, geane der trije troch; by minder as acht spilers binne it twa.
- As der yn in spul twa spilers oerbliuwe, moatte sy óf op it hout óf op de pik goaie om te foarkommen dat it spul te lang duorret troch ferstopjen.
- Bliuwe der twa spilers oer en leit der noch mar ien sint, dan hat de wedstriidkommisje it foech om it spul ôf te brekken as it te lang driget te duorjen. De útslach wurdt bepaald troch it opgoaien fan de sint, en de spilers kinne kieze tusken krús en munt.
- As twa of mear spilers yn in ploech yn de foarronde einigje mei itselde tal sinten, dan goaie se op de pik, dy’t yn dit gefal dwers set wurdt. It tal sinten dat krús slein wurdt, wurdt opteld by it tal sinten dat al wûn is. Alle spilers goaie likefaak en geane troch oant der in winner útkomt, dy’t nei de finale giet.
- Yn de finale, as twa of mear spilers einigje mei itselde tal sinten, spylje se op ‘e nij oant der in winner útkomt.
- By saken dy’t net troch it wedstriidreglemint regele wurde, docht de wedstriidkommisje in útspraak dêr’t elkenien him oan hâldt. De wedstriidlieding hat it lêste wurd.
- Elts spilet op eigen manneboet.