Piksjit Wedstriidreglemint
1 . Elke ploech bestiet út sa'n 8 spilers. It krekte oantal hinget ôf fan it oantal dielnimmers. De wedstriidlieding beslist hjiroer.
2. By elke ploech is tafersjoch fan op syn minst 2 kommisjeleden.
3. De dielnimmers wurde ynskreaun op folchoarder fan oanmelding. Elk kriget hjirby in nûmer. Oan 'e hân hjirfan wurde de groepen fêststeld. Der wurdt net wiksele fan groep.
4. Foar it earste spul wurdt de folchoarder fan goaien bepaald troch lotsjen. Foar de folgjende spullen jilde de gewoane rigels.
5. Nei in tal troch de wedstriidkommisje fêst te stellen spullen, telle de kommisjeleden it tal sinten dat elke spiler wûn hat. De spilers dy't de measte sinten fan harren ploech wûn ha, geane nei de finale. It hinget fan it tal dielnimmers ôf hoefolle oft dit de ploech binne. De wedstriidlieding makket foar it begjin fan de wedstriid har beslút hjiroer bekend. In mooglikheid kin wêze: bestiet de groep út 8 of mear spilers dan geane der 3 oer. By minder as 8 spilers 2.
6. Wannear't der yn in spul noch twa spilers oerbliuwe, moatte de spilers óf op it hout, óf op de pik goaie. Dit om fuortkrûpen foar te kommen wêrtroch it spul te lang duorje soe.
7. Bliuwe der twa spilers oer dan hat de wedstriidkommisje it foech in wedstriid ôf te brekken as der noch mar ien sint opleit en de wedstriid te lang driget te duorjen. De wedstriid wurdt beslist troch it opgoaien fan dy sint en de spilers kieze te litten tusken krús en munt.
8. Binne der 2 of mear spilers yn 1 ploech dy't yn 'e foarronde eindigen mei itselde tal sinten, dan goaie dy op 'e pik dy't yn dit gefal dwers setten wurdt. It tal sinten dat krús slein wurdt, wurdt opteld by it tal sinten dat al wûn is. Alle spilers goaie likefaak en geane troch oant der in winner útkomt. De winner giet oer nei de finale.
9. Binne der yn 'e finale 2 of mear spilers dy't eindigje mei itselde tal sinten, dan spylje dy op 'e nij oant der in winner útkomt.
10. By saken dêr't it wedstriidreglemint net yn fersjocht docht de wedstriidkommisje in útspraak. Elk hâldt him hjiroan. De wedstriidlieding hat it lêste wurd.
11. Elts spilet op eigen manneboet.